Alkoholmisbrûk Skylge oanpakt

23 maaie 2014 - 20:47
  • Gemeente Skylge

Undernimmers op Skylge sille tegearre mei de gemeente it alkoholmisbrûk op it eilân oanpakke. Hjirfoar jouwe de ûndernimmers op it eilân in finansjele bydrage oan de gemeente. Dit jild krije se werom as der gjin oertredings konstateard wurde. Begjin dit jier is de nije drank- en hoarekawet yngien en dêryn stiet dat jongeren no op syn minst 18 jier wêze moatte as se alkohol keapje wolle. Boppedat moatte de gemeenten hanthavenje. Earder die de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit dat. De gemeente Skylge wurket gear mei de oare Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)