Helpferliener wint titel

Mariska Petstra fan de meldkeamer Noard-Nederlân © Omrop Fryslân
Mariska Petstra fan de meldkeamer Noard-Nederlân hat freed de titel Helpferliener fan it Jier wûn. Yn Enkhuizen krige se de priis út hannen fan minister Ivo Opstelten. Petstra waard nominearre fanwege har ynset by de grutte brân yn Ljouwert foarich jier. Op de jûn fan de brân oan De Kelders wurke se op de meldsintrale.
Petstra krige de 24-jierrige Idsart Otte oan de tillefoan, dy't úteinlik by de brân om it libben kaam. De priis is in inisjatyf fan de stifting Hulp voor Hulpverleners en is foar de tredde kear kear útrikt.