Jild foar swimbad De Gordyk

De gemeente Opsterlân stekt 20.000 euro ekstra yn it swimbad op De Gordyk. Dat moat derfoar soargje dat it swimbad op koarte termyn wer iepen kin. De ôfrûne wiken wie it bad ticht trochdat de eksploitant it finansjeel net mear klear krije koe. De enerzjykosten binne de ôfrûne jierren bot omheech gien en it tal ferkochte kaartsjes rint werom. De ekspoitant woe earst dat der in oplossing komme soe foar dat finansjele gat. De 20.000 euro fan de gemeente is in ienmalige bydrage. Dêr sit wol in betingt by, it bad moat 400 oeren iepen wêze.