IIsfoarstin ek op 1 juny

23 maaie 2014 - 16:47
  • De IIsfoarstin

Fanwege it súkses fan strjitopera De IIsfoarstin hat Tryater in ekstra foarstelling pland op snein 1 juny. De iepenloftfoarstellings soene earst oant en mei 31 maaie duorje. In soad fan de foarstellings foar de kommende wike binne útferkocht.

By De IIsfoarstin belibje fiifhûndert besikers fjouwer seizoenen op ien jûn en folgje se dwers troch Ljouwert it spoar fan de iisfoarstin. Yn de grutte produksje foarmet in koar fan tachtich amateursjongers it orkest foar fiif operasjongers en fjouwer akteurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)