Snackkiosk ticht mei WTTV?

23 maaie 2014 - 16:38

De snackkiosk yn it Griene Stjergebiet moat it assortimint oanpasse by it festival Welcome to the Village (WTTV), oars moat er ticht. Eigener Alex Leistra makket him soargen oer dy situaasje.

Het festival wurdt grutter en de kiosk komt no op it terrein te lizzen. De kiosk mei wol iepen, mar dan moat de eigener bepaalde produkten ferkeapje, net inkeld mar it gebrûklike snackbar-assortimint. Neffens de gemeente kin Leistra in fergoeding krije, mar dat fynt er net genôch. Hy hat noch gjin kar makke: tichtgean of mei oar iten iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)