Grûnfersmoarging net gefaarlik

24 feb 2012 - 11:53

De provinsje hat yn it ferline yndie te min dien om gefaarlike fersmoarge grûn op te rêden. Mar ta gefaarlike sitewaasjes hat dat net laat. Dat seit deputeare Poepjes yn reäksje op it rapport fan de Rekkenkeamer oer grûnfersmoarging yn Fryslân.

It rapport is tige kritysk oer de provinsje. Sa gie de provinsje der te lang fan út dat de eigeners fan de gefaarlike grûn sels wol maatregels nimme soene. Dêrtroch bleau de grûn yn it ferline yn trochsneed alve jier lang lizzen. Faak wiene de omwenners net op de hichte fan de gefaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)