Warmolts ferdigener SC H'fean

23 maaie 2014 - 16:09
  • Stephen Warmolts

Fuotbalklup SC Hearrenfean hat ferdigener Stephen Warmolts fêstlein. De 20-jierrige Warmolts is sintrale ferdigener en komt út de eigen jeugdoplieding fan Hearrenfean. Hy hat foar twa jier tekene, mei in opsje foar noch in jier.

Warmolts spile it ôfrûne jier foar Jong SC Hearrenfean. Hy kaam yn elke wedstriid fan it belofteteam yn aksje. Hy siet dêrneist geregeld op de reservebank fan it earste alvetal. Warmolts spilet sûnt 2009 yn de jeugd fan Hearrenfean. Dêrfoar spile er by de fuotbalakademy fan FC Emmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)