Friezen oppakt yn Heerde

e_dolphins
In 24-jierrige Burgumer en in 54-jierrige Drachtster binne tongersdeitejûn oppakt yn Heerde. Dat meldt Omrop Gelderlân. De twa wiene oanwêzich yn in drugslaboratoarium, doe't dat oprôle waard troch de plysje. Dy kaam it laboratoarium op it spoar, omdat ôffalwetter foar fersmoarging fan in feart soarge.
Yn it laboratoarium waard amfetamine makke. Der soe ûnder oare in frachtwein mei fetten mei grûnstoffen yn beslach naam wêze. Oer de wearde fan de drugs is noch neat bekend.