Boskers ûntfange lintsje

23 maaie 2014 - 13:48

Okke en Wil Bosker fan Suwâld binne freedtemoarn troch boargemaster Eric ter Keurs fan Tytsjerksteradiel riddere yn de Oarder fan Oranje-Nassau. It pear krige de ûnderskieding om't se har al goed 20 jier ynsette foar de sinnepont tusken Garyp en Suwâld.

De Boskers krigen it lintsje by de iepening fan de renovearre haven fan Suwâld. By de ferbouwing waard njonken de haven ek it pontgebou grutter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)