Nij museum yn Drachten

23 maaie 2014 - 13:34
  • Paulo Martina

Drachten krijt der in nij ynternasjonaal museum by: It Van Doesburg-Rinsemahûs. Theo van Doesburg wie in ferneamde Nederlânsk keunstner fan it Dadaïsme. Hy wie de ûntwerper fan de ferneamde huzen yn de Papegaaiebuert yn Drachten dêr't it Van Doesburg-Rinsemahûs ien fan is. Van Doesburg hie kontakt mei de bruorren Rinsema yn Drachten en wie dêr ek útfanhûs.

De provinsje stelt twa ton beskikber foar de renovaasje fan de Van Doesburg-Rinsemawente. Neffens Paulo Martina fan Museum Drachten komt it mei it jild wol klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)