GGD helpt nei dug-out-drama

Skoallen yn Twizel en omkriten moatte der rekken mei hâlde dat de bern noch jierrenlang lêst hawwe kinne fan it dug-out-drama. Dat seit de GGD Fryslân. Woansdei stoarte in dug-out op it sportfjild fan Twizel yn. Dêr kaam in famke by om it libben. Op dat stuit wiene der sawat tûzen bern fan tolve ferskate skoallen op it fjild.
De GGD helpt no op al dy skoallen de bern, de heiten en memmen fan de bern en de masters en juffen by it ferwurkjen fan it drama. De helpferliening giet de kommende moannen troch.