Antidrugskampanje It Amelân

23 maaie 2014 - 10:56

Om mooglike drugshannel op it eilân yn byld te bringen begjint de gemeente It Amelân yn gearwurking mei de plysje en de wurkgroep Omgaan Met Elkaar yn juny mei in previntive kampanje. Eilânbewenners wurde oproppen om by Meld Misdaad Anoniem mooglike drugshannel en oare misdied te melden.

Doel fan de kampanje is om sicht te krijen op de situaasje op it eilân en de jongerein te beskermjen tsjin drugs. Ferskate meiwurkers fan skoallen, fakânsjeparken, sportklups en kafees binne ambassadeur fan de kampanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)