Alvestêdewyk Frjentsjer lytser

© Google Streetview
De noch te bouwen Alvestêdewyk mei seishûndert huzen oan de súdkant fan Frjentsjer wurdt lytser en krijt in oare namme. Der is te min belangstelling. It plan wurdt no sa oanpast, dat der 325 huzen boud wurde op itselde grûngebiet. De wyk wurdt dan Frjentsjer-Bûten neamd.
Sân jier ferlyn tochten de projektûntwikkelers noch dat de wyk yn 2019 klear wêze soe. No soe de wyk yn 2030 folboud wêze moatte.