Woarst Weidenaar wint priis

23 maaie 2014 - 10:15

De Fryske droege woarst fan Weidenaar út Dokkum is tongersdei op de fakbeurs foar fleis, fisk en tsiis útkeazen ta bêste droege woarst fan Nederlân. De woarst waard ûnder oare beoardiele op smaak, kleur, rook en úterlik.

Neist de nasjonale titel foar de droege woarst krigen acht oare produkten fan Weidenaar in gouden predikaat. Dêrmei hearre se ta de bêsten fan it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)