Herkomst feestwein bekend

© ANP XTRA
De fiif minsken dy't tongersdeitejûn oan de Doniawei yn Damwâld ferwûne rekken nei't se fan in feestwein foelen, komme allegear út Twizelerheide. In jonge fan 17, in famke fan 18 en twa jonges fan 19 jier binne mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. In 27-jierrige man is foar kontrôle nei de Dokterswacht stjoerd.
De slachtoffers soenen op de fersierde wein sitten hawwe, dy't lutsen waard troch in auto-ambulânse. Troch noch ûnbekende oarsaak foelen se fan de karre en rekken dêrby ferwûne oan de holle.
Doe't de plysje op it plak fan it ûngelok kaam, wie de bestjoerder fan de auto al fuort. De plysje hat in yndikaasje wa't de bestjoerder is. Der wurdt noch ûndersyk dien nei hoe't it ûngelok krekt barre koe.