Silerij op Kralingse Plas
It skûtsjesilen op de Kralingse Plas yn Rotterdam is freedtemiddei live te folgjen op omroplive.nl. It trijedaagse evenemint Skûtsjesilen Holland begûn tongersdei en wurdt organisearre troch de stichting 'De Wind in de Zeilen'.
Tsien skûtsjes, wêrfan acht út Fryslân, sile ferskate wedstriden op de Kralingse Plas. Dat is dreger as op de Fryske marren, seit de organisaasje. It wetter is relatyf lyts en de wyn kin gau draaie.
De silerij fan freedtemiddei begjint om 14.00 oere en duorret oant goed 16.00 oere. Klaas Jansma jout kommentaar.