Plysje achterfolget ynbrekkers

24 feb 2012 - 10:06

De plysje hat tongersdeitenacht twa manlju oanhâlden, omdat se mooglik belutsen binne by in ynbraak by in bedriuw yn Harns. It giet om in 41-jierrige Ljouwerter en in 32-jierrige man út Gouda. In tsjûge seach de manlju ynbrekken, belle 112 en joech it kenteken fan de auto troch.

De plysje seach de ynbrekkers op de A31 rjochting Ljouwert. De ynbrekkers rieden doe hiel hurd de wyk Westeinde yn. Dêr setten se de auto del en draafden fuort. It slagge de plysje dochs om de manlju oan te hâlden. De auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)