Sukses Nederlânske turners

Epke Zonderland © ANP
De Nederlânske turnploech, mei Epke Zonderland, hat tongersdei in ferrassende sechsde plak helle by de kwalifikaasjes foar it EK yn Sofia. De ploech komt dêrmei sneon werom yn foar de lannefinale. De acht bêste lannen stride der om de medaljes. De turners hawwe as ploech noch nea sa'n goeie prestaasje levere. Zonderland helle mei 15,8 punten fierwei de heechste skoare oan it rek. Mei it resultaat fan tongersdei is it doel om by de bêste tolve lannen fan de wrâld te einigjen, in stik tichteby kaam.