Unfeilige dug-outs sloopt

De gemeente Achtkarspelen hat nei oanlieding fan it ûngelok mei de dug-out op it sportfjild yn Twizel alle dug-outs yn de gemeente ûndersocht. In oantal wie net feilich en dy binne fuortendaliks sloopt. Ien dêrfan stie op itselde fjild yn Twizel as dêr't it ûngelok wie. Dy dug-out is tongersdeitejûn sloopt.
Earder mocht net fan it Iepenbier Ministearje, om't dat noch mei it ûndersyk dwaande is. Oan it ûndersyk dogge seis plysjeminsken mei. Oare gemeenten yn Noardeast-Fryslân dogge ek ûndersyk.