Haven De Linde giet ticht

22 maaie 2014 - 19:40
  • Gemeente Weststellingwerf

Wettersportferiening Kontermans ferlit de jachthaven oan de Linde by Sânhuzen. Mei dizze oerienkomst kinne de provinsje, Wetterskip Fryslân en de gemeente Weststellingwerf fierder mei de werynrjochting fan it Beekdal De Linde.

De leden fan de wettersportferiening krije in fergoeding om in oar lisplak te sykjen. Yn de nije situaasje kinne de boaten net langer fia de Linde nei oare plakken farre. De jachthaven hie dêrom gjin doel mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)