Identiteit opfarrenden bekend

24 feb 2012 - 09:59

De bemanning fan it wurkskipke dat woansdei op de Iselmar yn de problemen rekke en sonk, kaam fan Texel en út Zevenbergen. De KLPD makke dat hjoed bekend. It skip kaam út Harns en woe fia Amsterdam nei Zevenbergen, mar by Den Oever sonk it. It lichem fan in 48-jierrige man fan Texel is juster fûn. It twadde bemanningslid, in 47-jierrige man út Zevenbergen, is noch fermist.

De syktocht nei de fermiste giet hjoed fierder. It Landelijk Dregteam brûkt dêrby sonarapparatuur. De Wetterplysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
wurkskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)