Mear jildautomaten plattelân

De banken yn Nederlân wolle soargje foar in betere sprieding fan jildautomaten op it plattelân. Se wolle ôfspraken meitsje oer hokker bank yn hokker doarp in automaat leveret. Sa moat foarkaam wurde dat alle banken yn de grutte plakken sitte en der gjin automaat mear is yn de lytse doarpen. Dat hawwe de banken ôfpraten mei it Maatskippelik Oerlis Betellingsferkear.
Reden foar de ôfspraak is dat der yn de ôfrûne jierren op in oantal plakken yn it lân de jildautomaat ferdwûn is. De banken wolle earst in proef dwaan om te sjen oft it wurket.