Jild foar bettere dyk nei IBF

22 maaie 2014 - 15:16
  • Ien fan de suvelfabriken yn oanbou by It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean wol nei de boufak begjinne mei it better berikber meitsjen fan it International BusinessPark Friesland (IBF). De ûntsluting dy't der no is, fan en nei de sneldyk A7, foldocht net mear. Der komme nammentlik hieltyd mear bedriuwen op it terrein en dêrtroch nimt it ferkear ta.

De gemeente wol foarkomme dat yn- en útgeand frachtferkear foar opstoppings op de sneldyk soarget. Njonken besteande diken sille ek de tydlike diken op it bedriuweterrein oanpakt wurde. Yn totaal giet it om in ynvestearing fan 2,7 miljoen euro.

De plannen foar de ynvestearrings stienen al langere tiid op de begrutting fan de gemeente. In diel wurdt boppedat meifinansearre troch de provinsje. Nei in minne start fan de ferkeap fan de boukavels op it bedriuwepark, giet it de ôfrûne tiid goed mei de ferkeap. Hieltyd mear bedriuwen kieze foar It Hearrenfean. It International BusinessPark Friesland is 150 hektare grut, wêrfan't al sa'n 100 hektare ynfuld is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)