Byienkomst yn Surhústerfean

Dug-out yn Twizel ynstoart © Anton Kappers
De gemeente Achtkarspelen hâldt tongersdeitejûn in byienkomst foar alle folwoeksenen dy't belutsen west ha by it slimme ûngelok woansdei yn Twizel. Boargemaster Gerbrandy en slachofferhelp binne oanwêzich foar it beantwurdzjen fan fragen.
De byienkomst is om 19.00 oere yn de Surventohal yn Surhústerfean. Nei ôfrin is der gelegenheid om mei elkoar te praten.