Aanzet krijt Appel fan Máxima

De Stichting AanZet út Fryslân hat tongersdei op paleis Noordeinde yn Den Haag it Grote Appeltje van Oranje krigen fan Keninginne Máxima. Se die dat út namme fan it Oranjefûns, dêr't Máxima tegearre mei Kening Willem-Alexander it beskermpear fan is.
It Grote Appeltje van Oranje wurdt útrikt oan ien fan de trije winners fan in gewoan appeltsje fan Oranje. Dizze kear gie dy priis nei organisaasjes dy't frijwilligers ynsette om elkoar te helpen. AanZet krige ek in bedrach fan 15.000 euro en in brûnzen byldsje, makke troch prinses Beatrix.