Epke yn finale rekstôk op EK

22 maaie 2014 - 12:52

Turner Epke Zonderland fan It Hearrenfean is by it Europeesk kampioenskip turnjen yn Sofia wis fan de finale op de rekstôk. De oefening fan de wrâld -en Olympysk kampioen krige in wurdearring fan 15.866 punten. Op de brêge liket in finale plak foar Zonderland ek wis. Mei in skoare fan 15.600 punten komt er nei alle gedachten by de bêste acht turners.

Njonken de yndividuele ûnderdielen turnet Epke Zonderland ek mei yn de lannewedstriid. It is noch net dúdlik oft Nederlân de finale hellet. Der moatte noch in oantal toplannen turnje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)