Fryske toulûkers fjirde op WK

24 feb 2012 - 08:19

It achttal fan Deinum-Britsum is tongersdei fjirde wurden op it WK toulûken yn de klasse oant 640 kilo. Yn de heale finale waard ferlern fan de lettere winner Ayrshire út Skotlân.

Yn de striid om it tredde plak ferlear Deinum/Britsum fan Clonmany út Ierlân.

It WK toulûken fynt plak yn Perth yn Skotlân en duorret noch oant en mei snein. Freed komme de toulûkers fan It Heidenskip yn aksje yn de klasse oant 680 kilo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)