Ramon Leeuwin nei FC Utrecht

Ramon Leeuwin, hjir yn aksje tsjin syn nije klup FC Utrecht © dijksfotografie.nl
Ramon Leeuwin fan Cambuur giet definityf oer nei FC Utrecht. Beide klups binne it dêroer iens wurden. Cambuur fynt it wol spitich dat syn oanfierder en ferdigener fuortgiet, mar fynt it ek in moai komplimint foar de 26-jierrige fuotballer dat der dizze oerstap meitsje kin.
Leeuwin kaam ferline jier oer fan ADO Den Haag en spile it ôfrûne seizoen 35 wedstriden foar Cambuur en skoarde fjouwer kear. Oer hoefolle oft FC Utrecht foar Leeuwin betelle hat, wolle de klups neat kwyt.