Soargen oer Harmoniekertier

22 maaie 2014 - 12:33
  • Harmoniekertier Ljouwert

It Friesland College is teloarsteld no't de twa Ljouwerter poppoadia net mear meidogge oan de plannemakkerij foar it nije Harmoniekertier. De poppoadia hawwe ûnder oare soargen oer de finânsjes. De skoalle hâldt hjir wol fertrouwen yn en sy trune der no by de gemeente op oan om foaral troch te gean mei de plannen.

Der moat neffens it Friesland College no gjin fertraging komme, want it kontrakt foar de hjoeddeistige lokaasje fan de skoalle rint yn augustus 2015 ôf.

Neffens it Friesland College moat der no socht wurde nei minsken dy't de ynbring fan de poppoadia ferfange kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)