Blog: Fryske boeddhist yn Frankryk

22 maaie 2014 - 12:30
  • Tendar / Simon de Boer
  • Nalanda kleaster

It waait hurd as we wekker wurde. De oare gasten binne moarns 05:30 oere alwer begûn mei har meditaasjesessy. We pakke gau wat iten en sette ôf nei it Nalanda kleaster yn Labastide St. George. We freegje nei Tendar, de boeddhistyske namme fan Simon de Boer. In lange man yn (donker)reade klean ferskynt om 'e hoeke fan it kantoar. Simon/Tendar komt fan Kollumerpomp, is 52 jier en sûnt 12 jier boeddhistysk mûnts. Hy hat yn Grins sosjale wittenskippen studearre en dêr ek wenne en wurke. Tolve jier lyn hat hy syn hûs ferkocht, ôfskie nommen fan al syn besittings en keazen foar it sobere kleasterlibben. Dat koe net yn Nederlân, want der binne mar trije boeddhistyske kleasters yn it Westen en de grutste is it Nalanda kleaster. Yn Nederlân ha we allinne boeddhistyske sintra. It ferskil is dat yn in kleaster op syn minst fjouwer mûntsen wenje moatte.
Simon waard earst mûnts yn oplieding.'" Nei in lange stúdzje koe ik de 250 'geloftes' ôflizze by de Dalaï Lama, dat wie in geweldige erfaring".

It Nalanda kleaster bestiet sa'n 30 jier. Simon/Tendar hat sân en in heal jier direkteur west. Yn dy tiid hat hy in masterplan makke fan 25 jier foar de útwreiding fan it kleaster. Hy hat ferline simmer bewust in stap werom dien, omdat hy wer studearje wol. Njonken de stúdzje wurdt hy yn oare sintra oeral op de wrâld útnoege om stúdzjesessys te begelieden.

Yn it kleaster wenje 20 mûntsen, in pear 'leken' (mûntsen yn oplieding) en frijwilligers dy't allerhande klussen dogge. De mûntsen wenje yn in eigen gebou, in gebou dêr't fierder net ien komme mei, dus wy ek net. Oerdeis komme der ek studinten de sessys folgjen, mar sy wenje net yntern. Om 12:30 oere skowe we oan foar de lunsj by in tige bûnt selskip fan wol 22 nasjonaliteiten. Letter meitsje we noch in part fan in stúdzjesessy mei. De Tibetaanske learaar sprekt allinne syn eigen taal. Alles wurdt 'live' oersetten yn it Ingelsk, Frânsk en Spaansk.

It boeddhisme is in filosofy dy't wat fierder fan ús kultuer ôfstiet en dy't wy net maklik fine om hielendal te begripen. Underweis ha we it der noch lang oer.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer it Darma sintrum 'Vajra Yogini' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)