Kantine Twizel hiele dei iepen

22 maaie 2014 - 12:15
  • Dug-out yn Twizel ynstoart

De sportkantine yn Twizel is tongersdei oant 17.00 oere iepen yn ferbân mei it dug-out ûngelok fan woansdei. Der is in pastoraal meiwurker oanwêzich. Minsken dy't prate wolle oer it ûngelok kinne hjir teplak.

Ferskate aktiviteiten yn it doarp geane fanwege it ûngelok net troch. Sa is de neikompetysjewedstryd SC Twizel-NKVV foar promoasje nei de fjirde klasse ôflast. Dy wedstriid soe sneon spile wurde. Yn it gemeentehûs fan Bûtenpost soe tongersdeitemiddei de eksposysje 'Beestachtig' iepene wurde. Dat giet ek net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)