Blog: Vajra Yogini

22 maaie 2014 - 11:56
  • Vajra Yogini
  • Meditaasjeseal

Tiisdeitejûn sliepe we yn it Darma sintrum 'Vajra Yogini' yn it doarpke Marzens. Moarn ha we in ôfspraak yn it boeddhistsyk kleaster in eintsje fierderop. Dêr meie gjin froulju sliepe en derom ha we hjir in plakje krigen. 'Vajra Yogini' is in boeddhistysk retrêtesintrum. It sit yn in âld bûten dat fan de famylje fan de keunstskilder/grafikus Henri Toulouse Lautrec west hat. It hat net fan de skilder sels west, mar fan in neef fan him. De rykdom fan doetiids (ein 19e ieu/begjin 20ste ieu) fynst noch werom yn de prachtige tegelflierren en de âlde houten skou yn wat no de ytseal is. No giet it der allegear hiel 'relaxed' oan ta. Elts skept sels it iten op yn de keuken en rommet nei de tiid syn eigen guod ôf.

We treffe hjir Norman út Assen. Norman is 26 jier en is tige fassinearre troch it boeddhisme. Hy hat fiif moanne frijwilliger west op it Narlanda kleaster en hat der no foar keazen 200 dagen meditearjend troch te bringen op dit Darma sintrum. Hy hat himsels hjirby ek noch in strak skema oplein: "Ik vast één dag, de volgende dag mag ik weer drinken en de derde dag weer eten'. Norman lit ús it gebou sjen en fertelt it ien en oar oer hoe't hy op it stuit yn it libben stiet. Under yn de hal nimme we ôfskie. "Morgen mag ik een dag niet spreken, daarom neem ik nu afscheid van jullie". We krije it idee dat Norman noch tige sykjende is.

Lês hjir it foarige blogberjocht 'Yn tsjinst fan de BVD' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)