Undúdlik fan wa't dug-out is

22 maaie 2014 - 11:44

It is net bekend fan wa't de dug-out is dy't woansdei op it fuotbalfjild fan Twizel ynstoarten is. By it ûngelok rekken fiif bern fan 9 en 10 jier ferwûne. Ien famke is letter dy middei oan har ferwûnings ferstoarn.

De dug-out stiet al mear as 30 jier op it sportfjild. Neffens in man dy't tsjinoer it sportfjild wennet is der mei de stoarm fan oktober 2013 in tûke op de dug-out waaid en is der in skuor yn de dug-out kommen. De dug-out soe oan de ein fan it fuotbalseizoen opknapt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)