Sânde fertochte yn wytwasksaak

22 maaie 2014 - 11:27

De plysje hat opnij in fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei it wytwaskjen fan krimineel jild. Earder waarden al seis minsken oppakt. Twa manlju fan 34 en 47 jier en twa froulju fan 24 en 51 jier sitte noch fêst, de oare twa binne frijlitten mar bliuwe fertochte. Yn alle gefallen giet it om ynwenners fan Ljouwert.

De nije fertochte is ek in Ljouwerter, it giet om in man fan 50 jier âld. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)