Fakânsjejild letter útbetelle

22 maaie 2014 - 10:46

Verenigd Links wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Ljouwert witte wêrom't minsken mei in útkearing har fakânsjejild letter krije. Gewoanwei wurdt it ein maaie útbetelle, mar neffens Verenigd Links wurdt dat no pas heal juny dien. De partij wol witte wat dêr de reden foar is en oft de minsken ek rinte krije, no't it jild letter op har rekken komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)