Fryske speltboeren socht

Der is in grut tekoart oan boeren yn Fryslân dy't spelt ferbouwe wolle. Dit nôt wurdt hieltyd mear brûkt foar it bakken fan bôle, omdat it sûner wêze soe as weet. Spelt is sa populêr dat it op dit stuit sawat oeral útferkocht is. Produsinten fan bakkerij-grûnstoffen ferwachtsje dêrom dat de prizen flink heger wurde sille. Dochs is de priis foar spelt leger as dy foar weet en dêrom is de tylt net populêr by Fryske boeren.
Neffens Pars Graanhandel yn Sint Jabik is de Fryske klaai wol hiel geskikt foar de ferbou fan spelt.
Pars is yn gearwurking mei bouboer Gerben de Jong fan Sint Anne úteinset mei in proeffjild fan in hektare. Ferline jier oktober is it spelt siedde. As de rispinge yn augustus goed útpakt sil it projekt útwreide wurde. Fryske waarme bakkers as Wijnsma yn Berltsum binne bot te sprekken oer speltbôle. Ek sy sjogge dat de fraach by de klanten nei dizze produkten tanimt.