Finnen leare fan Skylge

De dunen by Hoarne © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It doarp Easterein op Skylge hat woansdei besikers út Laplân oer de flier hân. In groep fertsjintwurdigers fan it Multidimensional Tourism Institute yn Rovaniemi binne nei it eilân kaam om te sjen hoe't de ûndernimmers dêr mei it toerisme omgean. It ynstitút docht ûndersyk nei toerisme yn it Noardpoalgebiet.
Se wolle graach wat fan de Skylgers leare en binne benammen ynteresearre yn autentisiteit en duorsumheid. De delegaasje sil ûnder oare sjen by ûndernimmers dy't it Waddengoud-karmerk krigen hawwe.