Bouwmeester earst, Postma tred

21 maaie 2014 - 21:13

Siler Pieter-Jan Postma is yn de 30e Delta Lloyd Regatta nei in tredde plak sakke. Wol wûn hy de slotrace woansdei op it wetter by Medemblik. It binne benammen Dútske silers dy't it dreech meitsje foar Postma. Marit Bouwmeester hat yntusken de lieding naam yn de Laser Radial klasse. Se wûn in kear en waard twadde. Roelof Bouwmeester stiet nei twa dagen op it njoggende plak yn de Laser. Troch in gebrek oan wyn wiene de wedstriden wol tige let woansdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)