Rede fan Fryslân op Omroplive

21 maaie 2014 - 15:59
  • Gerdi Verbeet hâldt Rede fan Fryslân

Fan 16.00 oere ôf hâldt âld Twadde Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet de Rede fan Fryslân. Dit is streekrjocht te folgjen fia www.omroplive.nl. Verbeet is de tredde sprekker dy't de jierlikse Rede fan Fryslân hâldt. Earder ha CPB-direkteur Coen Teulings en VNO-NCW foarsitter Bernard Wientjes dit dien. It tema dit jier is demokrasy.

By de Rede hâldt in gast fan bûten Fryslân de provinsje in spegel foar, mei in foarútblik nei 2040.

De Rede fan Fryslân is te sjen op omroplive.nl. De folsleine tekst fan de rede komt nei ôfrin op de website fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)