Bespartips op strjitte krytsje

De gemeente Ljouwert wol de ynwenners helpe mei enerzjybesparring. In team fan strjitkriters gie woansdei troch Ljouwert. Sy krytsje it gemiddelde ferbrûk op 'e dyk, lykas yn 'e Cronjéstrjitte. Sa wurde de minsken bewust wat it normale ferbrûk is yn 'e strjitte.
Yn de Cronjéstrjitte is dat 124 euro. Bewenners kinne dit bedrach ferlykje mei har eigen ferbrûk. As se dat te heech fine, kinne se kontakt sykje mei de enerzjyambassadeur yn har strjitte dy't tips jout oer it besparjen.