By Friezen yn Frankryk del

Omrop Fryslân-meiwurkers Sippy Tigchelaar en Aukje de Hoop toarkje sûnt sneon 10 maaie yn Frankryk om en geane dêr by Friezen om utens del. Se binne begûn yn Parys en binne fia Normandië, Bretagne en fia de Dordogne no yn de buert fan Toulouse.
Se meitsje in rige fan 12 ôfleverings oer Friezen yn Frankryk. Se prate oer hoe't se dêr bedarre binne en oer hoe't saken regele binne, bygelyks de soarch, it ûnderwiis, de polityk en noch folle mear. Op de webside fan Omrop Fryslân hâlde se alle dagen in weblog by, dêr't se ferslach dogge.