Krimineel pear nei Nederlân

21 maaie 2014 - 13:02

De Dútske rjochter hat ynstimd mei de útlevering fan it kriminele duo Antonio Marcos van der P. út De Harkema en syn freondinne Enise B. In wurdfierder fan it Iepenbier Ministearje yn it Dútske Hamm hat dat woansdei bekend makke. Hoe en wannear oft it duo nei Nederlân komt is noch net bekend.

It stel waard yn febrewaris nei in lange klopjacht yn in hotel yn Schwerte by Dortmund oppakt. Se hiene dêrfoar in spoar fan geweld achterlitten yn Nederlân, dêr't se har skuldich makke hawwe oan swiere mishanneling en ûntfiering.

It Iepenbier Ministearje yn Hamm hat in parseferklearring útjûn oer de útlevering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)