Grutte oarder fan sjeik

21 maaie 2014 - 12:15

De technyske bedriuwen Fri-Tec út Frjentsjer en WDC út Himmelum ha in mega oarder krigen. In sjeik út Maleisië hat de opdracht jûn om 16 skippen te bouwen. De oarder moat de kommende fiif jier sa'n fjouwerhûndert man oan it wurk hâlde. Fri-Tec en WDC wolle dêr ek oare Fryske bedriuwen by belûke.

De bedriuwen ha de foarfinansiering noch net rûn. Dêrfoar skriuwe se op it stuit fûnsen oan. As se de finansiering net op 'e tiid rûn ha, ferpleatse se it wurk mooglik nei it bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)