Syryske flechtlingen opheind

21 maaie 2014 - 11:55

Syryske flechtlingen komme woansdei op De Jouwer oan. It giet om seis gesinnen en trije allinnichsteanden dy't flechte binne fanwege de oarloch yn har thúslân. Se wurde opheind troch flechtlingewurk en krije fuort in eigen hûs tawiisd. De gemeenten Súdwest Fryslân en De Fryske Marren ha dy adressen regele.

Frijwilligers begeliede de 28 flechtlingen. Se binne hjir op útnoeging fan it Nederlânske regear. De UNHCR hat regele dat se nei Fryslân komme kinne. Se komme te wenjen op De Jouwer, De Lemmer, Snits, Drylts en Sint Nyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)