Lemsters net bliid oer rûnwei

21 maaie 2014 - 11:44

De Lemster aksjegroep Lemmer Alert is der net bliid mei dat de provinsje ôfsjocht fan in nije rûnwei om De Lemmer hinne. Simmerdeis is der in soad drokte op de N359 dy't foar in part troch it doarp rint. De drokte sit de leefberens fan De Lemmer yn it paad en it ferbetterjen fan de besteande dyk smyt wat dat oanbelanget net genôch op, fynt Jan Schoonhoven fan Lemmer Alert.

Neffens him ûntbrekt it de provinsje oan in goede fyzje en wurdt dêrom keazen foar hap-snap oplossings.

De aksjegroep sjocht it measte yn in nije rûnwei oan de noardkant fan De Lemmer mei in akwadukt ûnder De Brekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)