Robin Melissa yn foarlêsfinale

21 maaie 2014 - 11:06
  • Argyffoto foarlêswedstriid

Yn Utrecht is tongersdei de finale fan de foarlêswedstriid foar earsteklassers fan it fuortset ûnderwiis. Alle provinsjes binne fertsjintwurdige mei ien kandidaat. Foar Fryslân docht Robin Melissa Hooijenga van OSG Singelland yn Burgum mei. Nei lokale en provinsjale finales binne de tolve finalisten oerbleaun.

Read2Me! is in evenemint fan de Stichting Lezen om it lêzen ûnder skoalbern te befoarderjen. Yn de sjuery sitte skriuwster Maren Stoffels, aktrise Eefje van Gorkum en Dorothé Cras, sy hat in berneboekewinkel yn Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)