Twa-euromunt mei dûbelportret

21 maaie 2014 - 06:45

Fan tongersdei ôf kinne jo wer in nije twa-euromunt yn de beurs krije, want woansdei wurdt de earste twa-euromunt slein mei it nije dûbelportret fan Kening Willem-Alexander en prinsesse Beatrix derop. Willem-Alexander stiet op de foargrûn, mei prinsesse Beatrix der achter.

De nije twa-euromunt is de ôfsluting fan de trilogy oer de troanwiksel. Yn 2013 ferskynde earst in dûbelportret mei Beatrix op de foargrûn en Willem-Alexander derachter en begjin dit jier waard in twa-euromunt slein mei allinnich Willem-Alexander derop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)