Fryslân hellet titel KH2018 op

In delegaasje fan mear as hûndert minsken út Fryslân is woansdei nei Brussel om de titel Kulturele Haadstêd 2018 offisjeel yn ûntfangst te nimmen. Dat kin as minister Jet Bussemaker dêr Ljouwert as kulturele haadstêd foardroegen hat by de Europeeske ried foar Underwiissaken, Jongerein, Sport en Kultuer, dy't woansdei yn Brussel in gearkomste hat. Dy ried sil dan nei it pleit fan minister Bussemaker de titel definityf oan de Fryske haadstêd tawize. Ljouwert is mei in swiere delegaasje nei Brussel om bliidskip en ambysje sjen te litten.
Iris Kroes en de band Diff sille de kulturele demonstraasje muzikaal stypje. It bidboek mei alle aktiviteiten dy't yn 2018 plakhawwe sille, is lykwols noch net kompleet. Oant septimber dit jier kinne minsken dêrfoar noch projekten by de organisaasje yntsjinje.