'Gjin nije rûnwei De Lemmer'

As it oan it kolleezje fan Deputearre Steaten leit, komt der net in nije rûnwei yn De Lemmer. Simmerdeis is der in soad drokte op de N359 troch it doarp. Al mear as tsien jier wurdt dêrom neitocht oer in oplossing.
Der is earder al praat oer in akwadukt ûnder de Sylroede troch, mar fan dizze plannen is neat telâne kaam. De provinsje Fryslân hat nei ferskate alternativen sjoen. De foarkar fan it kolleezje fan Deputearre Steaten is om de besteande provinsjale dyk te ferbetterjen.
Yn dit plan soene ûnder oaren de ferkearsljochten en brêgen better op elkoar ôfstimd wurde. De gemeente De Fryske Marren is net bliid mei dit foarstel. Dy wol graach in akwadukt. Provinsjale Steaten nimt yn oktober in beslút oer de plannen foar oanpak fan de ferkearsproblematyk yn De Lemmer.