Bou seefeartkampus Skylge mei

20 maaie 2014 - 20:29
  • De ferâldere seefeartskoalle op Skylge dy't fernijd wurde moat

De kampus fan de seefeartskoalle op Skylge mei seis ferdjippingen heech wurde. Ek mei de ûnslutingsdyk nei it nije gebou der komme. De Stichting Ons Schellingerland hie beswier tsjin de plannen yntsjinne by de Raad van State. Mar dy kin him net yn de beswieren fine. Ons Schellingerland is teloarsteld yn de útspraak. Benammen ek omdat de rjochter net sels op it eilân sjoen hat nei de situaasje.

Stichting Ons Schellingerland hat noch wol in alternatyf plan foar in gebou mei trije ferdjppings, se hoopje dat dat noch yn proseduere brocht wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)